Wa giet mei wa? - Kollum nijsbrief

13 apr , 9:52Gemeente
raad-1
sudwestfryslan.nl
Raad
Ynformateur Sander de Rouwe hat tongersdei 9 april syn konklúzjes presintearre yn in riedsgearkomste. Syn advys: in koälysje fan CDA (9 sitten), GroenLinks-PvdA (7 sitten) en FNP (4 sitten). Dizze koälysje hat in mearderheid fan 20 fan de 37 sitten.

Oan wa ferklearrest de leafde?

De Rouwe hat praat mei alle politike partijen dy’t in sit yn de gemeenteried krigen hawwe. In spannende perioade foar partijen dy’t graach meibestjoere wolle en ien of mear wethâlders leverje wolle. Sy moatte harren ambysjes en ideeën sa goed as mooglik presintearje en sjen litte mei hokker oare partijen sy it leafst gearwurkje. Wa ferklearret de leafde oan wa?De partijen koenen yn de iepenbiere gearkomste reagearje op it advys fan de ynformateur.Dêrnei fertelde CDA-lijstlûker Bauke Dam hoe’t it proses fierder giet.

De houliksbetingsten

De ynformaasjefaze en de taak fan De Rouwe is hjirmei klear. It is no oan de trije partijen om ôfspraken te meitsjen oer wat se de kommende fjouwer jier berikke wolle. Dizze ôfspraken komme yn in koälysje-akkoart te stean. Dit gebeurt yn de formaasjefaze. Eardere CDA-fraksjefoarsitter Douwe Attema is frege om dizze faze as formateur te begelieden.Dat de ynformateur ûndersiket wa mei wa giet.En de formateur sjocht nei wat sy mei-inoar berikke wolle.

De famylje, freonen en bûtensteanders fine der ek wat fan

It is in hiele puzel om alles goed op een rychje te setten. De partijen moatte rekken hâlde mei wat sy yn de ferkiezingskampanje sein hawwe. Ek sjogge sy nei besluten dy’t de foarige gemeenteried naam hat en wêr’t sy fierder mei moatte. Tsientallen belangegroepen besykje yn dizze perioade ek noch ynfloed út te oefenjen op de ôfspraken dy’t de partijen meitsje.

De trouwerij

Dit alles komt byinoar yn de presintaasje fan it koalysjeakkoord en de beneaming fan de wethâlders. En krekt as mei in houlik begjint it echte wurk nei de trouwerij.
De gemeenteried, de keazen ynwenners fan dizze gemeente, bliuwt dit wurk de kommende fjouwer jier kontrolearjen.
Lês hjir:It advys fan Sander de Rouwe en de ferslaggen fan de petearen mei alle partijen.Hjir kinst ek weromsjen hoe’t de partijen op it advys reagearre hawwe.
loading

Loading