Taal as ferbinende faktor - kollum wethâlder Petra van den Akker

14 feb , 10:01Gemeente
petra-vd-akker-2024
Petra van den Akker via sudwestfryslan.nl
Soms sit emoasje yn wurden dy’t jo allinne yn jo memmetaal echt goed fiele. In grap dy’t yn it Frysk krekt better falt. In treastend wurd tsjin dyn bern. Of in ferhaal dat jo yn jo eigen taal it leafst fertelle.
Wa’t deselde taal praat, begrypt inoar faak net allinnich mei it ferstân, mar ek mei it gefoel. Dêrom is taal safolle mear as in middel om te kommunisearjen: it is in taal fan it hert.
Op 21 febrewaris 2026 is it de Dei fan de Memmetaal. Dy dei giet oer taal, mar foaral oer wat taal mei ús docht. Yn jo eigen memmetaal kinne jo jo emoasjes faak better uterje. Blidens, fertriet, humor of grutskens: it komt rjochter út it hert as jo dat yn jo eigen taal sizze kinne. Dat jildt foar it Frysk, mar ek foar ús dialekten lykas it Stedsfrysk en it Hylpersk.
It Frysk is net myn memmetaal. Mar ik bin it de ôfrûne jierren wol mear praten gongen. As wethâlder brûk ik it Frysk om better mei ús ynwenners kommunisearje te kinnen. In skoft lyn hie ik in lestich petear oer in hanthaveningssaak. De ynwenner hie syn advokaat meinommen, út it westen fan Nederlân. De advokaat spruts gjin Frysk en wy fierden dêrom it petear yn it Nederlânsk. Doe't wy yn it petear ta de kearn kamen, doe't it der écht efkes op oankaam, binne we dochs, as fansels, oergien op it Frysk. Yn dy taal koene wy elkoar better fine en begripe.Foar bern is dat net oars. As bern meartalich opgroeie, leare se net allinne mear wurden, mar ek hoe’t se har gefoelens uterje kinne. In bern dat him yn syn eigen taal útdrukke kin, fielt him faker feilich en sjoen. Meardere talen helpe bern om fleksibel te tinken en har better te ûntwikkeljen. Dêrom is it wichtich dat wy talen romte jouwe, thús, op skoalle en yn ús mienskip.As gemeente Súdwest-Fryslân ha wy in nij taalbelied klear lizzen. It doel is dúdlik: wy wolle dat alle talen yn ús gemeente sichtber en brûzjend bliuwe. It Frysk hat dêr in wichtich plak yn, mar ek ús dialekten en oare memmetalen hearre derby. Yn it taalbelied stiet hoe’t wy taal brûke wolle yn ús organisaasje, yn it ûnderwiis, yn de iepenbiere romte en yn ús kommunikaasje. Wy wolle dat minsken har eigen taal sjen en hearre kinne, en dat se har dêryn thús fiele. Op 18 febrewaris sil it taalbelied yn de Kommisjefergadering Boarger en Mienskip besprutsen wurde en 5 maart yn de gemeenteried.Taal giet net allinne oer wurden, mar oer erkenning. As jo jo taal brûke kinne, meie jo josels wêze. Dat jout romte foar emoasje, foar ferhalen en foar ferbining mei oaren. Krekt dêrom wolle wy talen net allinne beskermje, mar ek aktyf brûke en sichtber meitsje yn ús gemeente.Om dat te berikken, wolle wy in Taalplatfoarm oprjochtsje yn Súdwest-Fryslân. In netwurk fan minsken, organisaasjes en ferienings dy’t wat mei taal hawwe. Mei-inoar kinne wy ideeën diele, projekten opsette en derfoar soargje dat taal libbet. Wolle jo meitinke of meidwaan? Jou jo of jimme organisaasje dan op fia dit formulier. Want ús talen wurde it sterkst as wy se mei-inoar praten bliuwe.
Petra van den Akker, wethâlder Kultuer
loading

Loading