Stim!

14 mrt , 20:11Gemeente
Kinderburgemeester-2026-Anne-Boukje-Verkiezingen
sudwestfryslan.nl
Kinderburgemeester Anne Boukje van der Valk: "Het is belangrijk om je mening te geven. Anders wordt er vaak geluisterd naar degene met het grootste woord."
It is wer tiid om te stimmen! Woansdei 18 maart binne de gemeenteriedsferkiezingen.
De gemeenteried nimt besluten oer ús eigen omjouwing. Oer nije fytspaden of wegen, it bouwen fan huzen, hoe’t we de húshâldlike help regelje, welke festivals en musea jild krije en hoefolle wy ynsette op iepenbiere oarde en feiligens.
Der dogge 12 partijen mei oan de ferkiezingen yn Súdwest-Fryslân. Allegearre hawwe sy ideeën oer hoe’t wenjen, wurkjen en libjen yn ús gemeente neffens harren it bêste kin. Welke partij past by dy? 

Folje it Kieskompas yn

Bist der noch net hielendal út? Folje dan it Kieskompas yn en ûntdek welke partij it bêste oanslút by watsto fynst.

Ynformaasje oer stimmen

Op de ferkiezingsside fynsto ynformaasje oer it stimmen, wannear as dat kin en wêr. En ek hoe’t it wurket as in oar foar dy stimt.  
Dat, op nei de stimbus op 18 maart en lit witte watsto belangryk fynst!
Stim!
Jannewietske de Vries, boargemaster Súdwest-Fryslân 
loading

Loading