It wie in bysûndere perioade - kollum wethâlder Henk de Boer

30 jan , 20:09 Gemeente
foto-column-Henk-de-Boer-30-jan
Henk de Boer

Wat in bysûndere start fan it jier hawwe wy meimakke! Elkenien kaam krekt werom fan fakânsje, en it liket wol oft it winterwaar dêrop wachte hie om him mar ris fan syn strangste kant sjen te litten.

De sâltstruiers en snieskowers koene fuortendaliks de dyk op, wylst kollega’s fan it Klant Kontact Sintrum de ynwenners tillefoanysk te wurd stiene en team Kommunikaasje online de ynformaasje  joech. Efter de skermen draaide it op folle krêft. Team Skjin dat omtinke moast: wannear moatte wy al dy konteners no leegje? In protte ynwenners hawwe lest hân fan it winterwaar, sa nei de feestdagen. Mar it is ek wer goed om te witten dat we mei ús allen de grutste problemen de baas koene.

Yn trije wiken tiid ferdwûn mar leafst 1.270 ton sâlt en 425 ton kalsium oer ús diken en fytsrûtes. Nacht nei nacht, kear nei kear, stiene ús eigen minsken en fjirtjin oannimmers skouder oan skouder. Faak op mominten dat de measte ynwenners noch slepten, soargen se derfoar dat de wichtichste rûtes berikber bleaune. Ik bin ûntychlik grutsk op dizze ynset en belutsenens. Troch dit teamwurk koe elkenien sa feilich mooglik op paad en dêr dogge wy it úteinlik foar!

Tige tank

Hertlik tank foar jimme begryp en geduld mei it ûnfoarsisbere sniewaar. Ik hoopje dat jim, krekt as ik, ek wol genietsje kinne fan dizze bysûndere winterske perioade. In start fan 2026 dy’t wy net gau ferjitte sille. Op nei de maitiid!