Foarlêze yn it Frysk makket ryk

28 sep , 20:46 Gemeente
Petra-van-der-Akker-4000x3000-1-1536x2048
Petra van den Akker via sudwestfryslan.nl

Column wethâlder Petra van den Akker:

Taal is mear as in middel om te learen. Dat merk ik hiel dúdlik as ik de ôfrûne wiken op basisskoallen yn Súdwest-Fryslân oan it foarlêzen bin. De oandacht, de fragen en de ynteresse fan de bern litte sjen hoe krêftich in ferhaal wêze kin – se leare der net allinne fan. Mar it ferhaal soarget ek foar belibben en sa reitsje sy yn ferbining mei harren eigen wrâld.

Lês-mar-foar-wiken

Yn it ramt fan de Lês-mar-foar-wiken fan de Afûk mocht ik foarlêze oan in klasse fan basisskoalle De Bron yn Boalsert. It wie gjin politike presintaasje, gjin sifers of notulen, mar ienfâldich in ferhaal diele. Yn dit ienfâldige momint wie it dúdlik hoe wichtich taal en ferhalen binne foar de ûntwikkeling fan bern. De manier wêrop se harkje en harren eagen grut wurde by spannende en werkenbere stikken. Ek myn kollega-wethâlders Henk de Boer en Bauke Dam hawwe op skoallen oan it foarlêzen west. Henk de Boer wie yn Skearnegoutum op CBS Op'e Hichte en Bauke Dam yn Reahûs op Kindcentrum Sint Bonifacius. We drage de Fryske taal in waarm hert ta.

Libbene taal

Foarlêzen yn it Frysk jout dêr in ekstra diminsje oan. Foar bern dy’t Frysk thús prate, is it werkenning fan harren taal en kultuer. Foar bern dy’t it Frysk minder goed kenne, is it in tagonklike moeting mei in taal dy’t mei harren omjouwing ferbûn is. Troch yn it Frysk foar te lêzen wurdt it in taal om te belibjen, te ûnderfinen en mei-inoar te dielen. Ek de lytste wurden kinne harren ferbylding aktivearje en harren ynteresse yn lêzen en learen stimulearje.

Dei fan de Europeeske Talen

Juster wie it de Dei fan de Europeeske Talen. San dei ûnderstreket it belang fan meartaligens op in gruttere skaal. Yn Europa binne hûnderten talen thús, en it Frysk hat dêr in libbene en ûnderskiedende plak. It is in taal mei skiednis en identiteit, en op skoalle aktivearjen wy dy taal net allinne yn it ûnderwiis, mar ek yn ‘e wrâld fan de bern. It wurdt sichtber dat taal mear is as wurdskat en grammatika: it is kultuer, erfskip en in middel om yn ’e wrâld te stean.

Krêftige bydrage

As bern fan jongs ôf de kâns krije om mear as ien taal te hearren en te brûken, leare se net allinne wurdskat en struktuer, mar ek hoe’t taal ferbynt, identiteit stipet en har blik op de wrâld iepent. Foarlêzen – troch in juf, master of sa as juster in wethâlder – is dêrby in ienfâldige, mar krêftige bydrage.It is moai om te sjen hoe’t dizze ynvestearring yn it bewust brûken fan 'e taal op langere termyn wurket. Bern dy't ûnderfûn hawwe dat harren taal wurdich is om mei-inoar te dielen, drage dat gefoel ek nei oare situaasjes. Foarlêzen makket ryk: net allinne yn kennis, mar yn belibben, ferbining en bewustwêzen fan de wearde fan taal. Dat is in les dy’t ik graach mei elk bern diele wol, en ien dy’t my as wethâlder ek berikket.

Petra van den AkkerWethâlder Súdwest-Fryslân

Bron: sudwestfryslan.nl