Let op: yn ferbân mei de snie is de data fan de Fjoerkoertoer yn alle doarpen oanpast!
Ek dit jier giet it kolleezje yn jannewaris wer by in tal doarpen del yn gemeente Súdwest-Fryslân. Net in standert nijjierresepsje. Mar ien mei lekker iten, waarmte, muzyk en fjoer. En tiid om inoar te finen en mei-inoar te ferbinen.
Komme jo ek del?
Der is selsmakke snert, stamppot, glĂĽhwein, waarme poeiermolke en fansels muzyk. Sjonger en muzykant Johannes Rypma liedt Ăşs it nije jier yn.
Data en lokaasjes
- Moandei 12 jannewaris, 17.30 - 19.00 oere: Skearnegoutum, Skoalplein Op’e Hichte (efterside Swettehûs)
- Tiisdei 13 jannewaris, 17.00 - 18.30 oere: Eksmoarre, doarpsplein by Leugenbank
- Woansdei 14 jannewaris, 17.00 - 18.30 oere: Warns, parkearterrein Himmelumerdyk
- Tongersdei 15 jannewaris, 17.30 - 19.00 oere: Blauhûs, pleintsje Vitusdyk (foar Bakkerij Popma)
By min waar is der in binnenlokaasje regele.
Wy winskje jo in foarspoedich 2026!It gemeentebestjoer fan Súdwest-Fryslân