
Let op: yn ferbân mei de snie is de Fjoerkoertoer yn Skearnegoutum ferpleatst nei moandei 12 jannewaris!
Ek dit jier giet it kolleezje yn jannewaris wer by in tal doarpen del yn gemeente Súdwest-Fryslân. Net in standert nijjierresepsje. Mar ien mei lekker iten, waarmte, muzyk en fjoer. En tiid om inoar te finen en mei-inoar te ferbinen.
Der is selsmakke snert, stamppot, glühwein, waarme poeiermolke en fansels muzyk. Sjonger en muzykant Johannes Rypma liedt ús it nije jier yn.
Tiid: op alle lokaasjes fan 17.30 oant 19.00 oere.
By min waar is der in binnenlokaasje regele.
Wy winskje jo in foarspoedich 2026!It gemeentebestjoer fan Súdwest-Fryslân
Bron: sudwestfryslan.nl